Frysk

Home
Up

Efkes foarstelle

Ik bin Henk, wenje yn Seisbierrum (it moaiste doarp fan Nederlân, dat moat ek wol mei sa'n namme). Ik wurkje by de Keninklike Marine yn Den Helder as in soarte fan elektronika techneut.

Programmearje

Ien fan myn hobby's is it wurkjen mei PowerBASIC, in hiel moderne programmeartaal mei allegearre nijmoaderige dingen, dy't men yn in bulte oare programmeartalen misse moat. Ik brûk it foar it programmearjen fan sawol lytse as grutte programma's. It is ùt te wreidzjen mei bibleteken foar Windows, Netware ensafuorthinne. In oanrider foar de serieuze programmeur.
Sjoch mar ris op harren site: PowerBASIC

PowerBASIC war leverje troch de importeur ùt Harns, ut Fries Computer Bedrijf/FCB (ut Frysk Kompjûter Bedrjow), mar no net meer.

Troch de eter de wrâld yn't rûn

Neist it programmearjen en in nustje oare hobby's dy't hjir ût mei stean, bin ik ek radio amateur. Hjirmei kin ik sawat eltsenien dy't in koarte-golf sender yn 'e hûs hat, berikke. Sû 1981 haw ik ûnder de namme PA3BLP dwaande west en haw ik in bulte kontakten hân mei oare amateurs, wol oar de hiele wrâld. It loggen fan ferbindings kin fansels net allegearre ùt 'e holle; dan soe men in kop hawwe moatte as in almanak.
Dêr brûk ik tsjintwurdich dan ek de kompjûter (wat moai dat dy dingen der binne net?) mei in spesjaal program foar. Dit program sammelt de gegevens, docht myn QSL-post, rekkent QTH locaters ùt, jouwt my de locator by plakken in Holland, jouwt it regionûmmers ensaforthinne.

As jo it ris besykje wolle: jo kinne it fergees ynlade ('downloaden') op 'e side Download side. Hjir stjit de Hollanske ferzje, mar se sille meikoarten ek te set mei in Fryske ferzje.
Wolle jo earst mear witte, stjoer dan mar ris in e-mailtsje nei: logboek@doorhet.net

Ferskate oare hobby's

Om it mar wat koart om 'e hoeke te hâlden: motorride, muzyk, reizgje, jild ùtjaan en noch folle mear. Feitlik te folle om hjir op te neamen. Stjoer mar ris in e-mailtsje.


Lêst nijsjoen op: oktober 2015 21:10:12


Email me

Datum laatste aanpassing: oktober 2015 21:10:12
Date last update: woensdag, december 14, 2005 21:19:37

Email me

Back ] Home ] Up ] Next ]